CDA grutste partij yn Smellingerlân

Max Aardema © Omrop Fryslân
Yn Smellingerlân waard it CDA by de Twadde Keamerferkiezings fan woansdei de grutste partij. De kristendemokraten krigen 17% fan de stimmen, folge troch de VVD mei 14,6%. Dêrnei komme de SP mei 12,5% en de PVV mei 11,2%. De ChristenUnie en D66 krigen beide 9,1% fan de stimmen.
De PvdA is no pas de sânde politike krêft yn de gemeente mei 8,7% fan de stimmen, in ferlies fan 25,8% yn fergeliking mei 2012. GrienLinks krijt 7,8% fan de stimmen, 50 + 2,7% en de Partij voor de Dieren 2,5%.