Gemeente lit besikers en omwenners festivallûd mjitte

Simmerdeis © Omrop Fryslân, Suzanne van Zwam
Smellingerlân hâldt in proef om de lûdsbelibbing troch besikers en omwenners fan festivals yn kaart te bringen. De gemeente docht dat mei Lawei Producties, poppoadium Iduna en SoundAppraisal yn Grins.
Twahûndert minsken kinne in app ynstallearje op de mobile telefoan. Dêrmei kinne sy in skoare jaan oan de wichtichste eigenskippen fan omjouwingslûd. De app nimt it lûd ek in heale minút op. De proef set út ein op de festivals Simmerdeis, Dencity en Popcity. De organisaasje kin dan fuortendaliks sjen wat it lûd docht.
Smellingerlân is de earste Fryske gemeente dy't sa'n lûdsmjitting docht. Der binne hieltyd mear eveneminten yn de iepen loft en dêrom de gemeente de lûdsbelibbing yn kaart bringe.