Supporters yn aksje foar Henk Veerman

Henk Veerman © AWfoto.nl
In ynternetpetysje om spits Henk Veerman te behâlden foar SC Hearrenfean hat oant no ta goed 680 hantekens lutsen. De aksje is opset troch ien fan de supporters. Doel is om snein ek echte hantekens te sammeljen, by de yngong fan it stadion. Snein spilet SC Hearrenfean tsjin Feyenoord.
Henk Veerman kaam yn febrewaris 2015 by de Fryske klup. Hy hat gjin basisplak, mar supporters komme wol faker yn aksje foar him, mei sprekkoaren of spandoeken. It kontrakt fan Veerman rint healwei dit jier ôf.