Stimme yn Wierum is 'bêst bysûnder'

Yn Wierum kin ek stimd wurde foar de Twadde Keamerferkiezing, en dat is bysûnder. Want it stimburo yn it doarp mei 350 ynwenners soe eins opheft wurde. Dat hat de befolking mei súkses opkeard.
Mei-inoar 270 minsken meie stimme yn it doarp. It grutste part fan de dei is it net hiel drok op it stimburo Wierum, mar op guon mominten begjint it ek wol wer te rinnen, sizze de leden fan it pleatslike stimburo. Sy hoege dêr net de hiele dei te sitten. Se draaie ploegetsjinsten fan twa-en-in-heal oere.