Dassen deariden yn Súdwesthoeke

Yn de Súdwesthoeke ha de lêste seis wiken sân oanridingen mei dassen west. Neffens de plysje hawwe de bisten it yn alle gefallen net oerlibbe. It giet om oanridingen yn de omkriten fan Balk, Himmelum, Legemar, Aldemardum, Aldeouwer en Riis. De plysje tinkt dat it grutte oantal deadlike ûngelokken in aardige oanslach op de populaasje is.
Yn 2016 binne der yn totaal 31 dassen deariden.