Hearrenfeanfroulju rêde it net op tsjin Telstar: 3-2 ferlies

(argyffoto) © Martin de Jong
De froulju fan SC Hearrenfean hawwe it tiisdeitejûn net oprêden tsjin Telstar. It team kaam op sportpark Skoatterwâld net fierder as 2-3.
De thúsploech kaam wol goed út de startblokken mei nei 20 minuten in goal fan Simone Kets. In minút letter stie it lykwols al wer 1-1. Nei de rêst brocht Jassina Blom SC Hearrenfean wer op foarsprong yn de 60e minuut. Tsien minuten letter skoarde Telstar wer en yn de 86e minuut dienen sy dat noch in kear. SC Hearrenfean stiet no op it sechsde plak yn de kompetysje, Telstar is fiifde.