Tsjummearum en Seisbierrum foar miljoenen opknappe

De provinsje Fryslân, Frisia Sâlt en de gemeente Frjentsjerteradiel stekke mei-elkoar 3,7 miljoen euro yn it opknappen fan de doarpen Tsjummearum en Seisbierrum. Dat bart dit jier en takom jier.
Yn Seisbierrum wurdt ûnder oare in part fan de Tsjerk Hiddesstrjitte, de Nije Buorren, de Kade en in part fan it Frjentsjerterterrein ferbettere. Yn Tsjummearum giet it ûnder oare om in part fan de Kleasterwei en Kade en de hiele Buorren en Swaerderwei oant en mei de rotonde.
It hiele gebiet hat te krijen mei de gefolgen fan gas- en sâltwinning en klimaatferoaringen. Dat hat gefolgen foar de leefberens. Dêrom wurdt der alles byinoar opteld 6 miljoen euro yn it hiele gebiet stutsen. Fan dat jild binne earder de doarpskearnen fan Winaam en Easterbierrum ek al opknapt.