Ferkiezingsdei: Fryslân giet nei de stimbus

It is 7:30 oere op dizze woansdei 15 maart 2017. Hjoed binne de Twadde Keamerferkiezingen. De 484 stimburo's yn Fryslân hawwe harren duorren yntusken iepene. Yn totaal meie 503.387 Friezen stimme op ien fan de 28 partijen. Yn dat grutte ferskaat oan partijen sitte 36 Friezen op wa't de minsken stimme kinne. De partijen dy't meidogge oan de Twadde Keamerferkiezingen hawwe twa, fan oarsprong, Fryske listlûkers. Dat binne Sybrand van Haersma Buma (CDA) en Gert-Jan Segers (ChristenUnie).
Dêrneist binne der noch in tal fan Friezen dy't kâns meitsje op in sit yn de Twadde Keamer:
Twa kear stimme
Ynwenners fan de gemeenten Ferwerderadiel, Dongeradiel en Kollumerlân meie neist de ferkiezingen foar de Twadde Keamer ek stimme foar in nije gemeentenamme. Op 1 jannewaris 2019 sille dy trije gemeenten amtlik fusearje en gean se op yn ien nije fúzjegemeente. De nije nammen dêr't de ynwenners op stimme meie, binne: Dokkumerlân, Ie- en Lauwerslân en Noardeast-Fryslân. De nije gemeentenamme wurdt takom freed offisjeel bekend makke.
Omrop Fryslân is derby
Fan 09:30 oere ôf rydt Omrop Fryslân dwers troch ús provinsje om lâns te gean by nuvere stimburo's. Folgje ús oant 18:00 oere fia Facebook en Instagram.
Dyn stim telt ek
Wat fynsto fan wat der allegearre bart yn Nederlân? Makkest dy soargen, oer bygelyks de sûnenssoarch of it miljeu? Bist benaud dat de ûnferdraachsumheid dy't der is, almar grutter wurdt? Hasto ek it gefoel dat der net nei dy harke wurdt? Of fynst dat it allegearre wol wat meifalt?
Alle dagen komt der in oare Fries oan it wurd en hearre wy 'De stim fan'. Op radio yn Fryslân fan 'e moarn, op telefyzje yn Fryslân Hjoed en sjoch se hjir allegearre werom.