Wettertoer Dokkum hat wat lytse mankeminten
Hy is 37 meter heech, byldbepalend foar de stêd en stiet op de monumintelist. De wettertoer fan Dokkum. It bouwurk is de lêste wiken ynspektearre troch meiwurkers fan de Monumintewacht. Ut de earste resultaten docht bliken dat de toer der goed by stiet, mar op guon plakken wol wat ûnderhâld nedich hat.