Staatstoezicht op de Mijnen komt mei reaksje op Vermilion

(stockfoto) © Omrop Fryslân
It Staatstoezicht op de Mijnen beslút dizze wike oft it stappen nimt tsjin gaswinbedriuw Vermilion. Dat bedriuw krige ferline wike te hearren dat it fuortendaliks ophâlde moat mei de gaswinning by Langsweagen. Vermilion wurket dêr mei in winningsplan dat noch net goedkard is. It Staatstoezicht op de Mijnen seit dat Vermilion dêrmei yn oertrêding is. Vermilion sels seit dat it in mûnlinge tasizzing hat fan it ministearje fan Ekonomyske saken dat it winplan goedkard wurdt. It Staatstoezicht ûndersiket dat no.
As Vermilion him net oan de regels hâldt, kin it bedriuw in boete fan op syn meast tsien miljoen euro krije.