Friezen hâlde fan houtstoke en hâlde rekken mei de buorlju

Goed ien op de trije Friezen stookt geregeld mei hout. Sa'n twatredde fan de houtstokers hâldt dêrby rekken mei de buorlju, de rest seit dat nea te dwaan. Dat docht bliken út panelûndersyk troch GGD Fryslân, dêr't hast 1.300 Friezen oan meidiene. De measte minsken stoke mei in hout- of pelletkachel of in iepen hurd foar de gesellichheid. Yn de measte gefallen wurdt goed, drûch hout brûkt, om't dat better foar de sûnens is.
In kwart fan de houtstokers jout oan soms lêst te hawwen fan it stoken. It giet dan om hoastjen en yrritaasjes oan noas en eagen.