Spandoeken foar seefûgels by Skilkampen

De provinsje besjocht dizze wike oft de gemeente Ljouwert begjinne kin mei de oanlis fan in kanaal by de it buertsje Skilkampen yn de stêd. It wurk soe eins freed úteinsette, mar lilke bewenners holden dat doe tsjin. Se ha de provinsje frege yn te gripen om't it wurk in briedende seefûgelkoloanje fersteure soe. Ek fine se dat der genôch oare opsjes binne foar in farrûte.
De gemeente wol der in trochstek meitsje fan de Tynje nei de wyk Camminghabuorren, mar de bewenners fan Skilkampen meitsje al skoften beswier.
Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert hat it wurk foarearst stillein. Se wol de eksperts de tiid jaan om út te finen wat no al en net mei. Yntusken wurde de tsjinstanners allinnich mar striidberder. Snein waarden by Skilkampen grutte spandoeken ophongen.