Hânrem ferjitten, auto hast yn Waadsee

12 mrt 2017 - 20:04

In automobilist hat sneintemiddei by de haven yn Nes op It Amelân in soad gelok hân. Hast wie syn auto yn it wetter bedarre. De bestjoerder wie ferjitten de auto op de hânrem te setten. Dêrtroch is de auto by de pier delrôle. Mei help fan in mobile kraan is de auto wer op de dyk set.

Trefwurden: 
Holwert auto hânrem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)