Fryske ploech fiert sukses: "Mooiste dag van mijn leven."

"Dit is de mooiste dag van mijn leven. We zijn gewoon de beste van de wereld. Wat wil je nog meer?" Shorttracker Itzhak de Laat is út 'e skroeven mei it beheljen fan de gouden medalje op de ploege-efterfolging. De Nederlânske mannen, mei allinne mar Friezen, waard snein yn Rotterdam wrâldkampioen.
It wie behoarlik spannend, mar op dy wize winme makket it foar Daan Breeuwsma allinne mar moaier: "Dit is dêr't je it hiele seizoen nei tawurkje. En we flikke it gewoan. Moaier kin net!"
Dat fynt ek Dennis Visser: "Zo vet om voor eigen publiek goud te pakken! Dit is de mooiste overwinning ooit!"
Sjinkie Knegt krige de eare om oer de finish te kommen: "Ik bin hartstikke tefreden en ha in prachtich wykein hân." Earder snein hie Knegt al in sulveren medalje helle yn it yndividuele klassemint. "It wie in rare dei, dy't we moai ôfsletten hawwe."