Riekele Kobes winner 47ste Merenloop

12 mrt 2017 - 19:01

Riekele Kobes hat sneintemiddei de 47ste edysje fan de Merenloop yn Grou op syn namme skreaun. As twadde einige Roelof Oostra en it tredde plak wie foar Harry Wiersma.

De hurddravers leine in ôfstân fan 14 kilometer ôf. Dêrneist koene de dielnimmers ek kieze foar de tsien of fiif kilometer. Foar de bern wie der in Kidsrun oer 1,1 of 2,5 kilometer. De kuierders giene sneon al fan start mei in eigen rûte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)