Aris kin net op tsjin Zwolle

12 mrt 2017 - 18:24

De basketballers fan Aris hawwe sneintemiddei yn Ljouwert mei 81-63 ferlern fan Landstede út Zwolle. De earste trije kwarten giene reedlik lyk op mar yn it fjirde kwart moast Aris belies jaan. Jordan Gregory waard mei 24 punten topskoarer fan de thúsploech. Aris stiet op it sechsde plak yn de Dutch Basketball League.

Trefwurden: 
Aris basketbal Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)