Goud foar shorttrackmanlju op de ôflossing

12 mrt 2017 - 17:30

De Nederlânske shorttrackmanlju hawwe sneintemiddei in gouden medalje pakt op de ôflossing op it WK shorttrack yn Ahoy Rotterdam. De Fryske ploech, mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Dennis Visser en Itzhak de Laat, kaam as earste oer de finish, foar de Sinezen en de Hongaren. Benammen de geweldige finale dy't Sjinkie Knegt ried soarge foar in spannende finale yn Ahoy.

Foar de froulju ferrûn de finale ûngelokkich. Se leine lang op koers foar in sulveren medalje, mar mei noch twa rûntsjes te gean gie Jorien ter Mors ûnderút. De gouden medalje wie foar Sina. De Nederlânske ploech ried mei Suzanne Schulting, Jorien ter Mors, Yara van Kerkhof en Rianne de Vries. De lêste stie juster noch oan de kant, mar nei har goede prestaasjes op de 1000 meter mocht ek sy starte op dit ûnderdiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)