Sulveren medalje foar Sjinkie Knegt

12 mrt 2017 - 16:57
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt hat in sulveren medalje pakt yn it einklassemint op it WK shorttrack yn Ahoy Rotterdam. Yn de superfinale einige hy as earste, mar dat wie net genôch om de nûmer ien yn it klassemint te wurden. Dy priis wie foar de Koreaan Yi Ra Seo.

Yn de superfinale, de lêste yndividuele race wêryn't troch tuskensprints punten helle wurde kinne, sette Knegt betiid de oanfal yn op syn konkurrinten yn it klassemint. Hy kaam as twadde oer de finish, mar troch in penalty foar de Koreaan Sin waard dat in earste plak. 

Ek foar de froulju sitte de ynidividuele ôfstannen der op. Suzanne Schulting, dy't brûns pakte op de 1000 meter, einige troch har fiifde plak yn de superfinale op plak sân yn it klassemint. Rianne de Vries waard sânde yn de superfinale en einige dêrmei op it achtste plak yn it klassemint. De winst by de froulju gong nei de Britske Elise Christie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)