Fryske shorttrackfroulju sjogge kâns op goud

11 mrt 2017 - 19:28

Trochdat de Nederlânske shorttrackfroulju sels de finale helle ha op de ôflossing en grutte favoryt Súd-Korea útskeakele is yn de heale finale, sjocht it team de kânsen op in gouden medalje bot tanimmen. Suzanne Schulting: "Dat ziet er goed uit. Zuid-Korea is, of eigenlijk was, echt de favoriet. De rest kunnen we hebben. China en.. Ik weet niet eens wie er door zijn. Maakt ook niet uit. Morgen kunnen we gewoon winnen."

Rianne de Vries ried sneon net mei, mar sil snein de finale fan de efterfolging wol gewoan ride: "Dêr gean ik wol fan út!"

Dêr is se ek wol bliid mei, want tasjen nei har ploechgenoaten fynt De Vries mar neat: "Ik bin folle senuweftiger derneist as op it iis. Ik wol gewoan leaver sels ride, want dan hast it sels ûnder kontrôle."

Yndividueel koe sawol De Vries as Schulting sneon net folle útrjochtsje. Schulting wie foarôf medaljekandidaat, mar hat nei twa ôfstannen noch nul punten. Op de 1500 meter helle se de B-finale. "Daar nam ik te veel risico. Ik wilde per se eerste worden, maar had tevreden moeten zijn met de tweede plaats en één puntje." Op de 500 meter gong it tsjin de lettere wrâldkampioen Fan en de klassemintslieder al yn de kwartfinale mis. "De loting zat ook niet mee. Ik moet dit echt zo snel mogelijk vergeten en me richten op morgen."

Ek De Vries kin de sneon mar better ferjitte. Se foel op de 500 meter fuortendaliks nei de start. "Ik hie alles op dy ôfstân rjochte, dat is myn ôfstân. Mar ik wie te hastich", konkludearre De Vries, dy't nei har fal de triennen yn de eagen hie. "Ik baalde flink. Mar moarn is der wer in dei. It wurdt muoilik om de finales te heljen, sa earlik moat ik wol wêze. Gewoan alles of neat moarn."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)