Sjinkie Knegt nei goud op 500 meter: "Gewoan rêstich bliuwe"

Sjinkie Knegt hat sneontemiddei goud wûn op de 500 meter, mar rjochtet him alwer op snein. "It giet goed, ik fiel my goed en dit is machtich. Mar ik wol wrâldkampioen wurde en dus moat ik gewoan rêstich bliuwe. Net te gek jûn."
Nei twa ôfstannen stiet Knegt no earste yn it klassemint en boppedat hat er mei de efterfolgingsploech de finale helle. Allinne yn de finale fan de 1500 meter gong it efkes wat minder. "Ik socht nei in gat, mar dat fûn ik net. It gong te traach, dat koe better."
Nei it Wilhelmus wie ek noch it Frysk folksliet te hearren, mar meisjonge wie der net by foar de Bantegeaster: "De earste twa sinnen red ik op, mar dan hâldt it wol op hear."
Snein komt Knegt yndividueel noch yn aksje op de 1000 meter en de superfinale. Ek de finale fan de ploege-efterfolging sil hy ride.