Shorttrackers pleatse harren ek foar finale op de ôflossing

11 mrt 2017 - 18:35

Sawol de manlju as de froulju fan de Nederlânske shorttrackploech komme snein út yn de finale fan it ûnderdiel ôflossing op de WK shorttrack yn Ahoy Rotterdam. De manlju, in folslein Fryske ploech mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Dennis Visser, einigen sneontemiddei as twadde yn de heale finale. De froulju, mei Suzanne Schulting, wûnen harren race.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)