Man ferwûne by wenningbrân yn De Westereen

By in útslaande wenningbrân yn De Westereen is sneontemoarn in persoan ferwûne rekke. In handikapte man waard troch de brânwacht út de wenning helle en oerbrocht nei it sikehûs. Dêr moat er operearre wurde. De brân wie yn in rychjeshûs oan de Toerstrjitte yn it doarp. De korpsen fan De Westereen, Damwâld en de heechwurker fan Dokkum hawwe de brân bestriden.
By de brân kaam in soad reek frij. In healoere nei it ûntstean fan de brân, wie it fjoer ûnder kontrôle. It slachtoffer kin foarearst net werom nei syn wenning.