Miste WK-finale fan 2014 sit Zeinstra noch altyd dwers

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp fynt it noch altyd spitich dat er net de finale fan it WK fuotbal yn 2014 helle hat. Mei syn kollega's haadskiedsrjochter Björn Kuipers en assistint-skiedsrjochter Sander van Roekel hat er op it WK yn Brazilië trije wedstriden fluite. Omdat Nederlân by de lêste fjouwer lannen siet, moasten se wer nei hûs.
"Wa hie der rekken mei hâlden dat Nederlân sa fier komme soe. Wy net. Wy hiene ús lêste wedstriid dien, de achtste finale Oerûguay tsjin Kolombia. Echt fantastysk! Dy wie perfekt gien. En elkenien sei tsjin ús: gean mar lekker achteroer leunen, jim binne der hielendal klear foar. It kin net misse of jim dogge de finale." Betingst wie wol dat de Nederlanners útskeakele waarden, mar de dei der nei wûnen se mei 2-1 fan Meksiko. "Dan sitst gewoan oars nei sa'n wedstriid te sjen en hopest eins dat se ferlieze."