FIDEO: Hjir spilet Opera Spanga yn 2018 de opera 'Aïda'

Opera Spanga is ien fan de grutte projekten fan Ljouwert kulturele Haadstêd 2018. It Stellingwerver operaselskip ûnder lieding fan regisseur Corina van Eijk sil opera Aïda bringe, fan komponist Giuseppe Verdi. Mar net allinnich yn it Fryske Spangea sil dizze wrâldferneamde opera te sjen wêze; ek op it poadium fan it Pjazza Teatru Rjal yn it histoaryske sintrum fan Valletta. De haadstêd fan Malta is yn 2018, tegearre mei Ljouwert, kulturele haadstêd fan Europa.
Ferslachjouwer Larissa Lokenberg wie op Malta en makke foar Finster op Fryslân in reportaazje oer de skiednis fan de opera yn Valletta. Se prate mei teäterdirekteur Chris Muscat en mei Clare Ghigo, mezzosopraan út Malta. Clare spilet in haadrol yn Opera Spanga’s Aïda.