Frachtweinsjauffeur Ofslútdyk ried ûnder ynfloed fan alkohol

© Jaring Rispens
De frachtweinsjauffeur dy't freedtemoarn it ûngelok op de Ofslútdyk feroarsake, wie ûnder ynfloed fan alkohol. Dat meldt de plysje. By it ûngelok rekke de frachtwein in pylkwein fan Rykswettersteat. De wein ferlear dêrnei in oanhinger mei ôffal, dat lei dêrtroch ferspraat oer de dyk. De Ofslútdyk fan Fryslân nei Noard-Hollân is al fan freedtemoarn ôf ticht.
De Ofslútdyk is yntusken wer iepen gien foar it ferkear rjochting Noard-Hollân.