Frachtskip Noord-Nederland ferboud, takom wike earste feart

© Joachim de Ruijter
It ferboude frachtskip Noord-Nederland fan rederij Doeksen makket tongersdei syn alderearste feart mei fracht nei de Waadeilannen. It skip is ferline wike it wetter yngien en makket moandei in proeffeart. Oan de hân dêrfan wurde wêr nedich noch saken oanpast. Der is goed twa moanne wurke oan de ferbouwing fan it skip.
De Noord-Nederland is yn twa stikken seage en der is in nij stik tusken set. It skip kin 200 ton ekstra fracht meinimme nei de eilannen. It frachtskip hat fjouwer nije motoaren krigen, twa gruttere roeren en in nije boechskroef. It wurk hat goed twa miljoen euro koste.