Priuw yn Ljouwert útroppen ta leukste winkel fan Nederlân

Streekwinkel Priuw yn de Nieuwe Oosterstraat yn Ljouwert is útroppen ta leukste winkel fan Nederlân. Dat hat organisator NL Streets bekend makke. De Nieuwe Oosterstraat sels is op it twadde plak einige yn de ferkiezing fan leukste winkelstrjitte fan Nederlân. De Zwanestraat-Kromme Elleboog yn Grins is de winner wurden.
Goed 17.000 minsken brochten de ôfrûne wiken harren stim út. Priuw wurdt freedtemiddei huldige. Dan krijt de winkel de NL Streets Award.