Grote Rekendag trapet dit jier ôf yn Ljouwert

© ANP
De lanlike Grote Rekendag begjint dit jier yn Ljouwert. Boargemaster Ferd Crone jout op 22 maart de ôftraap by it bernesintrum de Kinderkoepel. De rekkendei is bedoeld om bern ynsjen te litten dat rekkenje alle dagen fan belang is. Mear as 1.200 basisskoallen yn Nederlân en Flaanderen dogge mei oan de dei. De bern sille oan de slach mei ferskate rekkenopdrachten, sa moatte âldere bern in fakânsjepark op skaal bouwe.
It is de 15de edysje fan de Grote Rekendag. It is in inisjatyf fan de Universiteit Utrecht en útjouwerij Malmberg.