Klachten oer skea oan huzen op ynrinjûn oer Europaplein

Goed tweintich minsken hawwe der tongersdei west op de ynrinjûn oer it Europaplein fan de partij Gemeentebelangen yn Ljouwert. De minsken koenen dêr harren beklach dwaan oer skea oan harren huzen troch de hei- en bouwurksumheden. Dy skea rint útinoar fan lekkerij oant skuorren yn de muorren.
Net alle minsken dy't op de jûn ôfkamen hienen skeaklachten. Ferskate fan harren makken fan de gelegenheid gebrûk om nochris harren frustraasjes oer it projekt út te sprekken of oandacht te freegjen foar de ferkearsoerlêst.
Gemeentebelangen sil op basis fan de útkomsten fan de jûn fragen stelle oan it kolleezje fan b. en w. yn de hoop dat der oplossingen komme foar de problemen.