Twa auto's botse opinoar op krusing yn Ryptsjerk

Op de krusing fan de Westerdyk mei de Breedyk yn Ryptsjerk binne tongersdei oan de ein fan de middei twa auto's opelkoar botst. De brânwacht moast ien ynsittende út de auto knippe, dy is mei de ambulânse nei it sikehús brocht. De ynsittenden fan de oare auto kamen mei de skrik frij. De mooglike oarsaak fan de botsing is in foarrangsflater. De krusing hat in skoft stremd west.