"Ferbreding Ofslútdyk wurdt gjin nasjonaal projekt"

De ferbreding fan de slûs by de Ofslútdyk wurdt gjin nasjonaal projekt. Dat seit minister Schultz van Haegen. Neffens har is it belang fan de ferbreding dêr net grut genôch foar. Se sei dat nei in wurkbesite oan Feadship yn Makkum. Dat bedriuw lobbyet mei de provinsje en de gemeente Súdwest-Fryslân al jierren foar de ferbreding.
Schultz sjocht it belang wol, mar seit ek dat de regio sels flink ta de bûse moat. Slagget it net om bygelyks alle subsydzje fan Europa te krijen dan moat de regio om lyk, sa fynt de minister.