Jongerein út Grou praat riedsleden by oer skatebaan

Jongerein út Grou hat woansdei riedsleden fan Ljouwert bypraat oer de plannen foar in skatebaan yn it doarp. De kommisje achter de baan joech in presintaasje en beäntwurde fragen fan de riedsleden. It giet dêrby ûnder oare oer it jild foar de baan. Subsydzjeferlieners wachtsje op dit stuit op it beslút fan de gemeente oer in finansjele bydrage. Dêrneist hat de kommisje beswier makke tsjin it ôfwizen fan in bydrage út it Mienskipsfûns.
Op 20 maart wurdt der in beslút naam oer dat beswier. By de byienkomst fan woansdei wienen sa'n 100 minsken oanwêzich.