Auto op de kop yn grêft yn sintrum Ljouwert

In bergingbedriuw hat de auto út de grêft takele © Anton Kappers
Oan de Foarstreek yn Ljouwert is woandeitejûn in auto yn it wetter telâne kaam. Nei alle gedachten hat de bestjoerder fergetten om de auto op de hânrem te setten. Dêrtroch rôle de auto it wetter yn en bedarre er op 'e kop yn de grêft.
De auto hat grutte skea. Hy is troch in bergingsbedriuw út it wetter helle. Foar safier bekend is gjinien ferwûne rekke by it ûngelok.