Noch gjin nij ûnderdak foar bewenners sloopwenten

Santjin húshâldings op It Hearrenfean driigje ein dizze moanne op strjitte te kommen. Se wenje yn huzen dy't op de nominaasje stean om sloopt te wurden. Dat wisten se, mar guon bewenners hawwe net op 'e tiid in nije hierwente fûn. Der hat al oerlis west mei ferskate helpferlieners op it gemeentehûs op It Hearrenfean. Wenningferhierders en ek de minsken dêr't it oer giet, wiene dêr net by oanwêzich.
Ferhierder Carex seit dat de minsken wisten dat se der ea út moasten. Se sille meihelpe mei it finen fan oare wenromte.
De gemeente Hearrenfean lit witte dat se gjin partij binne en neat foar de santjin troffen húshâldens dwaan kinne.