Sjinkie Knegt: "Fan status giest net hurder riden"

08 mrt 2017 - 21:24

'Mei de status dy't ik haw, kinst it wol ferwachtsje. Mar ik sil der net hurder fan ride hear!'. Dat sei shorttracker Sjinkie Knegt woansdei by de presintaasje fan de ploech fan it WK shorttrack dit wykein yn Ahoy Rotterdam.

Underweis nei it stadion seach Knegt dat syn gesicht op alle flaggen stiet dy't by de diken hingje. "It is wol hiel bysûnder ast oeral dyn eigen holle sa foarby kommen sjochst", seit er.

Twa jier lyn helle Sjinkie yn Moskou syn earste wrâldtitel. By de kommende edysje is er bliid mei in plak op it poadium yn it einklassemint: "Dan is it toernoai slagge foar my. It dielnimmersfjild is sterk. Der binne safolle medaljekandidaten. "

"Ik besjoch it as in normale wedstriid. Dat wurket faak it bêste", sa seit Knegt. Hy seit dat er sterker is as it grutste part fan de dielnimmers. "Earder bleau ik by races altyd lang achteroan. No doar ik it inisjatyf te nimmen en foarop te riden. Ik hie doe noch net it fertrouwen dat ik dat koe."

By de presintaasje is ek bekend makke dat it EK shorttrack yn 2019 yn Dordrecht hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Sjinkie Knegt shorttrack WK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)