Oprop oan brûkers fan de Omropapp: ferjit de update net

De Omropapp © Omrop Fryslân
Besjogge jo it Fryske nijs op de app fan Omrop Fryslân? Dan kin it wêze dat de app net mear wurket. Dat betsjut dat jo noch in âlde fersy fan de app op de telefoan te stean hawwe. Dizze wurdt sûnt woansdei net mear ûnderstipe. Dêrom de oprop oan alle brûkers om de update te ynstallearjen of de app hielendal op nij te ynstallearjen. De nije fersys begjinne mei 7.x. Dit jildt foar sawol Android as iOS.
De omrop is konstant dwaande mei de ûntwikkeling fan de app foar mobile telefoans en tablets. Fanwegen de oerstap nei in nije leveransier wurket fersy 6.x no net mear. De fersys 5.x en leger litte noch wol it lêste nijs sjen, mar de notifikaasje oer wichtich nijs wurde net mear ferstjoerd. Guon âldere tastellen kinne de nijste fersy net mear oan, dêrom is fersy 5.x noch wol yn de loft. Mear ynformaasje is hjir te finen.