SC Cambuur ferlinget kontrakt fan fjouwer spilers

© awfoto.nl
Martijn Barto (32), Marvin Peersman (26), Jamiro Monteiro (23) en Jordy van Deelen (23) spylje ek takom jier by SC Cambuur. De Ljouwerter fuotbalklup hat it kontrakt fan dizze fjouwer spilers mei in jier ferlinge, oant heal 2018.
Mei dizze kontrakten is de klup al dwaande mei de seleksje foar it seizoen 2017/2018. Earder binne Stefano Lilipaly en Jurjan Mannes al kontraktearre.
Foar 1 april moat de klup formeel oanjaan wat se dogge mei de ôfrinnende kontrakten. De klup moat fan in pear spilers mei in opsje yn it kontrakt kieze wat se dogge. Pas yn maaie/juny komt der mear dúdlikheid oer nije spilers en fuotballers dy't fuortgean.