FIDEO: Jonge politisy yn debat oer betrouwen en wurk

Oer in wike meie we nei de stimbus foar de Twadde Keamerferkiezingen. Alle jûnen binne lanlike politisy op telefyzje om har stânpunten ta te ljochtsjen en meielkoar oer tema's te diskusearjen. Yn Fryslân Hjoed prate we mei fjouwer jonge Fryske politisy.
It binne Christopher Morgan (VVD) fan Jongeren & Politiek Fryslân, Jantina Meister (D66) fan Jonge Democraten Fryslân, Marco Keizer (PvdA), kandidaat (nr. 71) foar Twadde Keamer PvdA en Chris van Hes (FNP), riedslid FNP foar De Fryske Marren. Se prate oer betrouwen yn de polityk en wurk.
De dei nei de ferkiezing, 16 maart, sitte se wer yn de studio.