Snits krijt mei De Hemmen 3 nij bedriuweterrein

Snits krijt in nij bedriuweterrein oan de westkant fan de stêd, tusken Snits en Folsgeare. De Hemmen 3 wurdt 17 bunder grut en moat fiifhûndert oant seishûndert arbeidsplakken opsmite. De ûntwikkeling fan in nij terrein is neffens wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân nedich, want op oare plakken is de gemeente hielendal útgroeid.
De gemeente hat de ôfrûne jierren oan twa bedriuwen dy't elk 5 hektare keapje woene, 'nee' ferkeapje moatten.
Op it nij oan te lizzen bedriuweterrein komme foaral bedriuwen út de omkriten dy't op it plak dêr't se no sitte net fierder groeie kinne. Wethâlder Offinga moat noch mei de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân om tafel oer de finansiering fan De Hemmen 3. Der moat noch 6,8 miljoen euro op it kleed komme. Fan dat jild wurdt ûnder mear in grienstrook oanlein tusken it nije bedriuweterrein en it doarp Folsgeare.