Sechtjin lokaasjes mei fersmoarge grûn wurde sanearre

(argyffoto) © ANP
De provinsje sil nochris sechtjin lokaasjes mei fersmoarge grûn oanpakke. It giet dan om lokaasjes dêr't de fersmoarging him ferspriede kin yn it grûnwetter of in gefaar foarmet foar planten en bisten. It sanearjen fan de grûn moat yn 2020 klear wêze.
De ôfrûne jierren hat de provinsje fersmoarge grûn oanpakt, dy't in gefaar foarmet foar de folkssûnens. Dat wurk is yntusken klear. De fersmoarge terreinen dy't aanst noch oerbliuwe, wurde allinne skjinmakke as dat nedich is fanwegen de takomstige funksje.