Oanhâldings yn De Lemmer en Snits foar btw-fraude

07 mrt 2017 - 17:19

De FIOD hat op De Lemmer en Snits minsken oanhâlden foar btw-fraude. Yn totaal binne fiif minsken oanhâlden. Bûten Fryslân wiene arrestaasjes yn Rijswijk, Rotterdam, Den Haag en Assen. Der is beslach lein op twa wenten, lúkse auto's, in boat, hannelsfoarried en bankrekkens yn binnen- en bûtenlân. Der soe foar miljoenen euro's fraudearre wêze. De oplichting gie fia de ferkeap fan elektroanika.

Mei yngewikkelde konstruksjes ferkochten de fraudeurs de elektroanika earst oan it bûtenlân. Dêrnei waard it guod weromlevere oan firma's dy't mar koart bestienen. Dan hoegden se gjin btw ôf te dragen. Bedriuwen fierderop yn de konstruksjefregen dêrnei wol wer btw werom fan de Belestingtsjinst. Ien fan dy bedriuwen sit op 'e Lemmer.

Trefwurden: 
BTW fraude
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)