Theun Plantinga hat rol yn Tina de Musical

Theun Plantinga © www.entertheunment.nl
Theun Plantinga hat in rol krige yn Tina de Musical. De Fryske akteur spilet de heit fan Tina. Oanlieding foar de musical is dat it famkesblêd Tina dit jier fyftich jier bestiet. De musical giet yn oktober yn premjêre. Wa't Tina sels spylje sil, is noch net bekend. Der dogge fjouwertûzen famkes audysje yn hiel Nederlân. Yn Snits wiene ôfrûne sneon Fryske audysjes en dêr kamen hiel wat potinsjele Tina's op ôf.