HZPC ferwachtet hege priis foar poatierappels

Poaters, ek wol setters neamd © ANP
Ierappelbedriuw HZPC fan De Jouwer ferwachtet dit jier in hege priis oan har leveransiers jaan te kinnen foar poatierappels. It bedriuw tinkt de boeren oer de risping fan 2016 mear as 33 euro per hûndert kilo betelje te kinnen. Dat is de heechst ferwachte priis foar poatierappels yn de lêste tsien jier.
De flinke priis wurdt feroarsake troch de hege Europeeske prizen foar konsumpsje-ierappels en it beheinde oanbod dit jier.