Oanspielde brúnfisk op Skylge werombrocht nei see

In rêdingsaksje tiisdeitemoarn op it strân fan Skylge. Dêr wie in noch libjende brúnfisk oanspield. Gewoanwei wurdt sa'n bist opfong troch SOS Dolfijn. Mar omdat dy op dit stuit gjin opfangmooglikheid hat, is besletten de brúnfisk werom te bringen nei see.
Dat wurdt net faak dien. De brúnfisk is wer frijlitten en swimt yntusken gewoan yn de Noardsee.