UPDATE: Brân op It Amelân

It Amelân © Omrop Fryslân
Yn in appartemintekompleks oan de Hans Jochemstraat yn Nes op It Amelân hat fannacht brân west. De brân ûntstie by it dak. Buorlju ûntdutsen it fjoer en warskôgen de brânwacht. Dy hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Op de eigeners nei wiene der gjin minsken yn it gebou. Der rekke net ien ferwûne. It dak hat in soad skea oprûn, mar it gebou stiet noch.