Burgumer set seage yn sket fan buorlju

© Omrop Fryslân
In 46-jierrige Burgumer moast moandei foarkomme omdat er de seage set hie yn in sket fan de buorlju. De man wie lilk op de nije buorlju doe't dy in hage fuortlhelje woene en dêr in sket foar yn it plak sette. Sy wiene op in jûn by him en syn âlden oan de doar kaam om te freegjen oft it wol koe. De oare deis wiene se fuortendaliks oan de slach gien. De Burgumer wie lilk dat er gjin betinktiid krigen hie en kaam mei de seage op de proppen. 'Ut protest, om de saak oan te wakkerjen', sa´t de man sei.
Lytse sneedsjes of gruttere skea
Hy soe mei syn heit en mem ferskate kearen oan de buorlju frege hawwe de situaasje wer sa te meitsjen sa't er wie. Neffens eigen sizzen soe er mar in pear lytse seagesneedsjes yn it sket makke hawwe. De buorlju sizze dat njoggen hurdhouten planken skea hawwe.
"Dan mar leaver sitte"
Rjochter Irene Dölle fûn dat de Burgumer bemiddeling ynskeakelje moatten hie. Om it konflikt net fierder oprinne te litten, moat de Burgumer de skea - 450 euro - betelje. As er dat net docht, moat er njoggen dagen bromme. "Dan doch ik dat wol", rôp de Burgumer. De rjochter lei út dat finzenisstraf in twangmiddel is om te beteljen. De boete fan 450 euro skea moat er betelje. De Burgumer tekene fuortendaliks heger berop oan by de baly fan de rjochtbank.