Oranjefroulju winne lêste wedstriid Algarve Cup

Sisca Folkertsma
It Nederlânsk frouljusfuotbalalvetal hat de lêste pûlwedstriid op de Algarve Cup wûn. Tsjin in oermachtich Sweden hiene de Oranjefroulju it dreech kânsen te kreëarjen. Flak foar tiid skoarde ynfalster Mandy van den Berg út in strafskop de 1-0. Middenfjildster Sisca Folkertsma út Sleat begûn yn de basis, mar waard nei 45 minuten wiksele foar Vivianne Miedema.
De einstân fan de Oranjefroulju op de ranglist is noch net bekend. Moandeitejûn moatte noch twa oare wedstriden spile wurde. Dêrnei wurdt mear dúdlik.