Trije minsken oanholden foar stekpartij Nijstêd

© Omrop Fryslân
De plysje hat trije fertochten oanholden foar de stekpartij fan novimber foarich jier op de Nijstêd yn Ljouwert. In 24-jierrige Ljouwerter waard dêr yn syn rêch stutsen. Nei ûndersyk die bliken dat ien fan de trije fertochten neat mei it ynsidint te krijen hie. Fan de oare twa sit der noch ien fêst. It slachtoffer is foar it grutste part wersteld fan syn ferwûnings. De plysje hat it ûndersyk ôfsletten.