Afûk-direkteur Koen Eekma leit yn 2018 it wurk del

Direkteur Koen Eekma fan de Afûk nimt takom jier april ôfskied. Yn 2018 bestiet it ynstitút foar de Fryske taalbefoardering 90 jier. Eekma fynt dat in moai momint om it wurk del te lizzen. Yn 2017 wurdt fierder boud op de fûneminten dy't de ôfrûne jierren lein binne foar de grutte fernijende projekten yn it ûnderwiis en foar Lân fan Taal as ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. It ôfskied fan Eekma sil plakhawwe op it jubileumkongres fan de Afûk op 25 april 2018. Fan 't hjerst sil begûn wurde mei it sykjen nei in opfolger.
"Dit jier moat der noch in protte wurk út 'e wei set wurde troch de Afûk, ûnder oare mei de organisaasje fan it Talepaviljoen en de Taletún yn de Prinsetún yn Ljouwert en de Taalkaravaan yn de provinsje. Ik wol dêr as mei-inisjatyfnimmer fan Lân fan Taal noch graach myn stientsje oan bydrage, mar nei april takom jier wol ik my ûnderdompelje yn de festiviteiten fan KH2018", sa seit Eekma.