Plysje pakt Ljouwerter op nei lûdsoerlêst

© ANP
De plysje is moandeitemoarn betiid yn aksje kaam foar in melding fan lûdsoerlêst. Dat barde yn de Corellistrjitte. De plysje wie dy nacht al earder by de man kaam foar lûdsoerlêst. De fertochte, in man fan 29 jier, is in bekende by de plysje. Dêrom waard foars ekstra plysje en hûnen ynset doe't se de man om healwei trijen hinne oanhâlden hawwe. In fersterker is troch de plysje yn beslach naam, de man is meinaam nei it plysjeburo. Hy hat in proses-ferbaal krigen.